Sita sjongt Kameleonliet

© Omrop Fryslân
Sjongeres Sita fersoarget de titelsongs fan de twadde Kameleonfilm. De film moat op 29 juny útkomme. Sita sjongt twa lieten. 'Mijn bloed' is in oade oan it twillingwêzen. 'Mij' giet oer in famke dat holpen wurdt troch Hylke en Sytse Klinkhamer.
De earste Kameleonfilm wie in grut súkses. Yn diel twa nimt de twilling it op tsjin in projektûntwikkelder dy't in snelwei troch it doarp Lenten oanlizze wol.