Kariljon spilet befrijingsmuzyk
It kariljon yn it sintrum fan Dokkum spilet fan dizze wike ôf deuntsjes út 'e tiid fan de befrijing. Dêr is foar keazen om't it dit jier sechtich jier lyn is dat der in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam.
Fan it âlde stedhûs ôf sille fragminten út de maaiedagen fan 1945 klinke. It giet dan om lieten lykas 'O Canada', 'The white cliffs of Dover' en 'From the time you say goodbye'.