Utnoeging foar jubileum Beatrix

© Omrop Fryslân
Hûndertfyftich Ljouwerters meie op 30 april nei de Nasjonale Feestjûn yn Den Haag foar it sulveren regearingsjubileum fan keningin Beatrix. Boargemaster Dales hat dêrfoar in útnoeging krige. Yn in paviljoen op it Maliefjild is plak foar 4000 boargers út it hiele lân. Ljouwert past de regel 'dy't earst yn 'e roef komt hat kâns fan plak' ta. Dy't mei wol kin him oanmelde op nationalefeestavond@leeuwarden.nl.