Kanton Beetstersweach net ticht

06 apr 2005 - 07:02

It kantongerjocht yn Beetstersweach mei net ticht. Dat skriuwt minister Donner fan justysje yn in brief oan de rjochtbank fan Ljouwert. Dy hie frege oft it kantongerjocht dêr ticht koe om't it te djoer is om it personeel hieltyd nei Beetstersweach te stjoeren.

Donner is gjin foarstanner fan sluting. Neffens him moat der in goede sprieding bliuwe fan kantongerjochten yn Nederlân. Wol wurdt ûndersocht wat de needsaak fan de festiging noch is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)