Ipewacht: gau ûndersyk kastanjes

© Omrop Fryslân
De Fryske Ipewacht wol dat der faasje makke wurdt mei it ûndersyk nei de kastanjesykte. De Ipewacht sil dêrop oantrune by de wurkgroep Aesculaap dy't besiket út te finen hoe't de sykte tsjingien wurde kin. Minister Veerman stipet it ûndersyk no mei 275.000 euro.
De Ipewacht hopet dat ynkoarten dúdlik wurdt hoe't de sike kastanjes behannele wurde moatte. Ek wol de Ipewacht dat der ynventariseard wurdt hoefolle sike beammen der binne.