Nije cao: aksjes metaal gean oer

© Omrop Fryslân
De aksjes fan tongersdei en freed yn de metaalsektor binne fan de baan. Moandeitejûn berikten wurkjouwers en fakbûnen in akkoart oer de nije cao. Dy jildt foar sawat 180.000 wurknimmers.
Doe't de ûnderhannelingen ferline wike fêstrûnen, is der noch in dei staakt. Dat gebeurde ûnder oaren by fytsefabryk Batavus op it Hearrenfean, blikfabryk Impress yn Ljouwert en skipswerf De Volharding yn Harns. Yn totaal waard der by 23 Fryske metaalbedriuwen staakt.