Jong Fean ferliest yn Rotterdam

05 apr 2005 - 08:02

Jong Heerenveen hat moandei yn Rotterdam mei 3-0 ferlern fan Jong Feijenoord. It earste tsjindoelpunt waard krekt foar rêst makke troch Leonardo. De Feansters hiene ek goede kânsen, mar dy waarden net benut.

Yn de twadde helte skoarden Edwin de Graaf en Leonardo, opnij, foar Feijenoord, ek al hie Heerenveen it oerwicht. Jong Feijenoord is noch hieltyd koprinner yn de kompetysje. Jong Heerenveen stiet yn de middenmoat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)