Killdeerplevier sjoen yn Fryslân

05 apr 2005 - 08:02

Yn de Rottige Meenthe is de killdeerplevier sinjalearre. It is foar it earst dat dizze fûgel yn Nederlân sjoen is. De killdeer-plevier is famylje fan de steltrinner. Hy komt oarspronklik út Noard-Amearika en is no dwaande mei de fûgeltrek. Nei alle gedachten is er út koers rekke.

De fûgel hat moandei in soad belangstellenden lutsen, oant út Dútslân wei. Hoe lang oft it bist hjir bliuwt, is ûnwis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)