Cambuur straft Bronkhorst

© Omrop Fryslân
Raymond Bronkhorst is troch trainer Jan Schulting fuortendaliks weromset nei it twadde fan SC Cambuur. De maatregel hat te krijen mei in negative hâlding fan de 26-jierrige middenfjilder en de ferkearde ynfloed dy't hy hat op de rest fan de seleksje. Bronkhorst wie ien fan de spilers dyt it net iens wie mei it ûntslach fan trainer Dick de Boer yn de winterstop en de oanstelling fan assistint Jan Schulting as tydlike haadkoach.