Klachten oer byld Mercurius

© Omrop Fryslân
It CDA wol witte oft it kolleezje wat dwaan kin oan de minne byldkwaliteit fan de riedsgearkomsten by de Ljouwerter omrop Mercurius. Der binne n soad klachten oer it byldferslach. Byld en lûd passe net byelkoar en soms wurdt mar út ien kameraposysje filme. It CDA wol in bettere kwaliteit.
Yn in brief docht de fraksje oan it kolleezje it útstel om in goede strielferbining mei de studio fan Mercurius oan te lizzen.