Aris wis fan play-offs

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe harren pleatst foar de play-offs yn de earedivyzje. De Ljouwerters kamen it wykein sels net yn aksje. Mar troch it ferlies fan konkurrint Rotterdam kin it achtste plak, dat rjocht jout op de play-offs, de Ljouwerters net mear ûntgean. Wer't se krekt einigje wurdt yn de kommende wiken dúdlik.
De tsjinstanner yn de play-offs is ek noch net bekend. Dat kin Grins, Amsterdam of Nijmegen wurde.