Jan Werle noch yn 'e race

© Omrop Fryslân
Skaker Jan Werle (21) fan De Sweach is noch folop yn de race om him te pleatsen foar de finale fan it NK skaken. Yn it gebou fan Wetterskip Fryslân wûn Werle sneon en snein twa kear fan Jan Willem de Jong.
Werle hat him no definityf pleatst foar de tredde ronde fan 'e heale finale fan it NK Skaken. Hy moat yn dy ronde noch ien tsjinstanner ferslaan om letter dit jier syn debút te meitsjen yn de finale fan it NK yn Ljouwert.