Betsjutting paus foar Fryslân

© Omrop Fryslân
De ferstoarne paus Johannes Paulus II hat foar Fryslân net in spesjale betsjutting hân. Dat sizze Fryske katolike tsjerklike lieders.
By syn iennichste besite oan Nederlân yn 1985 hat de paus net yn Fryslân west, wylst dêr wol op hope wie. Johannes Paulus II hie yn Dokkum komme moatten. De Titus Brandsmastifting hat ein 2002 besocht de paus nochris nei Nederlân te heljen. Dêr waard in spesjale pauselike petysje foar hâlden.