Jannes vd Wal rekord kwyt

03 apr 2005 - 16:59

Jannes van der Wal dy't ferstoar yn 1996, is syn lêste rekord by de tinksporten kwyt. De âld-wrâldkampioen damjen út Tsjalbert wie wrâldkampioen yn it spyljen fan skaak- en dampartijen tsjin meardere spilers tagelyk. Van der Wal helle mei-elkoar 85 spilers.

De Grinzer Eric Hoeksema hat dat rekord sneon brutsen. Hy spile tsjin 92 tink- sporters tagelyk mei in winst- persintaazje fan tachtich. Hoeksema wie in goeie freon fan Jannes van der Wal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)