Gjin jild foar lekke liedingen
Basisskoalle Bernegea yn Abbegea moat gjin jild krije om de cv-liedingen te ferfangen. Dat fine b en w fan Wymbritseradiel. De skoalle hat in spoedoanfraach fan 1700 euro dien, omdat de liedingen lekke.
B en w fine dat de skoalle de liedingen faker kontroleare moatten hie. Dan wie it probleem earder opfallen. It kolleezje fynt it net driuwend genôch om der mei spoed jild foar út te lûken. Dat kin takom jier ek noch wol.
Trefwurden:
argyf