SC Hearrenfean wint fan Ajax

03 apr 2005 - 14:08

De Sportklub Hearrenfean hat sneontejûn foar de twadde kear dit seizoen yn de kompetysje wûn fan Ajax. Yn it Abe Lenstra stadion waard it 2-1 foar de ploech fan trener Gertjan Verbeek. 21.000 taskôgers seagen dat de Amsterdammers troch Angelos Charisteas yn de earste helte op foarsprong kamen.

Yn de twadde helte makke Marcel Seip de 1-1. Trije minuten foar de ein wie it ynfaller Georgios Samaras dy't it folle stadion feestfiere liet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)