Koningsbrêge wer betsjinne
De Koningsbrêge oer it van Harinxmakanaal yn Harns wurdt wer betsjinne.
De betsjinning hat sûnt tongersdei stillein, fanwege technyske problemen. Dêrtroch koene skippen fan op syn minst 5,20 meter net ûnder de brêge troch. De brêge is ien kear mei de hân betsjinne. De plysje hat it ferkear doe stilset. No wurket alles wer gewoan.