Brân gemeentewerf Wolvegea

© Omrop Fryslân
By in brân freedtenacht op de gemeentewerf yn Wolvegea is in tal kantoar- en magasynrûmtes en in part fan in garaazje yn flammen opgien. It is net bekend hoe't it fjoer ûntstien is en hoe grut de skea is. Der binne gjin skealike stoffen frijkaam.
De smoargensauto's hawwe in soad skea oprûn, mar dat hat gjin grutte gefolgen foar it opheljen fan it hûssmoargens. De gemeente sil no materieel hiere om it smoargens op te heljen.