Fryske nominaasjes foar Turijn

02 apr 2005 - 11:37

NOCNSF hat oan 23 sporters ien of in pear nominaasjes foar de Olympyske Spullen fan Turijn 2006 jûn. Sven Kramer hat in nominaasje foar de 5000 meter krigen. Beorn Nijenhuis hat trije nominaasjes krigen; foar de 500, 1000 en 1500 meter. Barbara de Loor krige nominaasjes foar de 1000 en 1500 meter. In nominaasje is gjin garânsje foar in optreden yn Turijn, de reedriders moatte kommende winter foarmbehâld sjen litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)