Wolstânskommisjes foar plattelân

02 apr 2005 - 10:21

De Fryske Miljeu Federaasje wol dat der wolstânskommisjes komme foar it plattelân. De provinsjale wolstânskommisje Hûs en Hiem jouwt no al advys oer bouplannen.

De nije wolstânskommisjes moatte der foar soargje dat it lânskip yn it bûtengebiet net fernield wurdt. Se moatte plannen dy't it lânskip feroarje, tsjinhâlde kinne. De miljeufederaasje wol dat de provinsje dit regelt yn it nije streekplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)