Blynslang fûn op De Gordyk

© Omrop Fryslân
Op De Gordyk is fan 'e wike in seldsume blynslang fûn. It bist, better bekend as de hazelwjirm, is eins gjin slang, mar in hagedis sûnder poaten. Twa jonges fûnen it 30 sintimeter lytse bist yn it park De Wiken. It bist is nei reptylsaakkundige Hofstra yn it doarp brocht. Dy sil derfoar soargje dat er weromset wurdt yn de natuer. De soart komt wol faker yn Súdeast-Fryslân foar. Hoefolle der krekt binne, is net bekend.