GGD stelt TBC-ûndersyk yn

02 apr 2005 - 10:17

By in 41-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is in besmetlike foarm fan tuberkuloaze konstateard. De man is foar ûndersyk en behanneling opnaam yn sikehûs De Tjongerskâns.

De GGD stelt in TBC-ûndersyk yn nei minsken dy't direkt kontakt mei de Feanster hân ha. De GGD sil dizze minsken persoanlik ynformeare oer it ûndersyk. TBC is in foarm fan longûntstekking. Pasjinten ha lêst fan hoastjen, koarts en gewichtsferlies.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)