Buske foar skoalbern yn gefaar

© Omrop Fryslân
De gemeenten yn Noardwest-Fryslân wolle it taksyferfier foar guon bern dy't op it spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert sitte ôfskaffe. Omreden fan besuniging moat bern fan 9 jier ôf tenei mei it iepenbier ferfier nei skoalle.
De skoallen foar spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert binne skrokken fan de besunigings. Krekt foar bern yn it spesjaal ûnderwiis is it dreech om gebrûk te meitsjen fan it gewoane iepenbier ferfier.