'Brêge Spannenburch ûnfeilich'

01 apr 2005 - 12:54

Ynwenners fan Tsjerkgaast binne benaud foar ûnfeilige situaasjes as de brêgewipper by Spannenburch ferdwynt. De betsjinning fan de brêge giet meikoarten oer nei in sintrale post op de Lemmer. Kamera's nimme it wurk oer.

Doarpsbelang is it dêr net mei iens, want de brêgewipper hâldt ek it ferkear yn de gaten. Neffens de provinsje wurdt de brêge net ûnfeiliger. By oare op ôfstân betsjinne brêgen binne der net mear ûngelokken, seit de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)