Gjin klachten oer ljocht yn kas

01 apr 2005 - 12:41

Yn Fryslân binne gjin klachten kommen oer ljocht yn túnboukassen. It lanlike Meldpunt Lichtuitstoot Glastuinbouw hat meldings oer 'ljochtfersmoarging' sammele. It meldpunt is in inisjatyf fan tolve miljeufederaasjes en de stifting Natuur en Miljeu.

Nij is dat nachts de sydkanten fan kassen ôfskerme wurde moatte om de ljochtútstrieling te ferminderjen. Kasferljochting is in grutte argewaasje yn it nachtlik lânskip.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)