Helte flitspeallen ferdwynt

© Omrop Fryslân
De helte fan de 24 flitspeallen fan de provinsje wurdt fuorthelle. Dat hawwe Deputearre Steaten besletten. It giet ûnder oare om fjouwer flitsers op de Lemmer en fjouwer by Stiens. Ek de peal by Aquazoo yn Ljouwert ferdwynt.
Neffens deputearre Baas is it op de diken de lêst tiid in stik feiliger wurden. Dêrom binne der gjin flitspeallen mear nedich. As bliken docht dat der dochs wer te hurd riden wurdt komme de flitspeallen werom.