SP-er Palmen stapt út de steaten

01 apr 2005 - 10:00

Hanny Palmen stapt op as steatelid foar de Socialistische Partij. Palmen is teloarsteld oer hoe't der yn de steaten polityk bedreaun wurdt. Neffens har wurde der faak machtsspultsjes spile. Ek is der by ûnderwerpen as de foksejacht en it ljipaaisykjen te min romte foar in ynhâldelike diskusje.

Palmen is nei Piet Kuipers it twadde SP-lid dat yn dizze steateperioade opstapt. Se wurdt nei alle gedachten opfolge troch Ad van der Kolk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)