'Dochs ûntslaggen Vos Logistics'

31 mrt 2005 - 16:07

By Vos Logistics yn Surhústerfean falle nei alle gedachten dochs ûntslaggen, sa ferwachtet fakbûn FNV. By de festigings yn Limburch en yn Veendam wurde meiinoar 112 banen skrast. De wurknimmers dêr krije begelieding by it sykjen nei oar wurk.

Yn Fryslân falle gjin twongen ûntslaggen, mar dat kin wol neffens de FNV. Vos wol fan it transportbedriuw in ekspedysjebedriuw meitsje. Dêrfoar binne minder fêste sjauffeurs nedich.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)