Prate mei 'ôffallige húsartsen'

© Omrop Fryslân
De Dokterswacht en soarchferskerder De Friesland wolle opnij mei dokters prate dy't net by de Dokterswacht wolle. In groep fan sa'n sechstich húsartsen hat leaver in eigen praktyk. Dan soene se folle mear kwaliteit leverje kinne oan de pasjinten.
De Dokterswacht kin lykwols finansjeel allinnich bestean as alle húsartsen meidogge. Dêrom sille de organisaasjes opnij besykje om mei-inoar ta in oplossing te kommen.