Oanpak jeugdwurkleazens

31 mrt 2005 - 14:03
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje iepenet de oanfal op de jeugdwurkleazens. Op 12 april is der in grutte aksjedei, mei by seis CWI-festigings in banemerk foar jongeren. Boppedat is der op It Hearrenfean, yn Drachten, Dokkum en Ljouwert in oanfoljend program. De eardere foarsitter fan MKB-Nederlân, Hans de Boer, iepenet de dei. Hy is no foarsitter fan de Taksforce Jeugdwerkloosheid. Yn Fryslân sitte trijetûzen jongeren sûnder wurk.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)