Mooglik twadde slûs by Starum

31 mrt 2005 - 08:48

By Starum komt mooglik in twadde slûs. Dat ha Fryske steateleden woansdei sein by in wurkbesite. Starum hat al de Johan Willem Frisoslûs.

De twadde slûs moat der foar soargje dat de boaten simerdeis rapper nei de Iselmar farre kinne en oarsom. De steatekommisje Lân, Loft en Wetter praat woansdeitejûn oer de mooglikheid fan in twadde slûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)