Wurkstraf easke tsjin Jouster

© Omrop Fryslân
Tsjin in 39-jierrige man fan De Jouwer is by de rjochtbank yn Assen in wurkstraf easke fan 200 oeren en in selstraf fan seis moannen ûnder betingst. De man wurdt fertocht fan ûntucht mei syn 15-jierrige dochter.
De offisier fan justysje wol ek dat de man psychologysk ûndersocht wurdt en in skeafergoeding fan 2600 euro betellet oan syn dochter. De rjochtbank docht 13 april útspraak yn dizze ûntuchtsaak.