Kabel Noord biedt digitale tv

© Omrop Fryslân
Abonnees fan Kabel Noord kinne fan freed ôf digitale televyzje krije. Je ha dan byld op dvd-kwaliteit en je krije der tsientallen stjoerders by. Fierder kinne je films en fuotbalwedstriden bestelle. Je moatte der wol in decoder foar ha.
Kabel Noord moat bot ynvestearje yn de decoders. It bedriuw kin lykwols net ûnder digitale televyzje út, omdat it analoge sinjaal op termyn ferdwynt.