Gjin drugsopfang oan De Tunen

© Omrop Fryslân
De gemeenterie fan Ljouwert hat him definityf útsprutsen tsjin de komst fan in opfang foar drugsferslaafden oan De Tunen. Boargemaster en wethâlders woene dêr de besteande opfang foar dakleazen en alkoholferslaafden kombinearje mei dy fan drugsferslaafden.
De polityk joech earder al oan neat te fielen foar de plannen. Ferantwurdlik wethâlder Hafkamp frege doe om alternativen, dy binne der net kaam. Hafkamp besjocht de saak no sels opnij.