Friese Pers wol radiostjoerder
De Friese Pers ûndersiket oft it mooglik is om in regionale radiostjoerder op te setten. Dat stasjon moat him rjochtsje op nijs. Dat seit de nije direkteur fan de Friese Pers, Cees Anceaux.
De Friese Pers is ûnder mear útjouwer fan de Ljouwerter Krante. Mei dy krante giet it wol goed, mar it tal lêzers rint stadich tebek. Mei it nijs fan de krante kin frij goedkeap mear dien wurde, sa tinkt Anceaux.
Trefwurden:
argyf