Weening wurdt 24ste

29 mrt 2005 - 09:33

Hurdfytser Pieter Weening is as 24ste einige yn de Criterium International. Yn de tredde en lêste etappe, in tiidrit fan 8,2 kilometer, waard Weening 54ste. Yn it algemien klassemint klom er dêrmei fan it 38ste nei it 24ste plak.

Winner fan de wedstryd yn it Noardeasten fan Frankryk waard de Amerikaan Bobby Julich. Hy bleau yn de tiidrit talint Thomas Dekker alve sekonden foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)