JWC kuorbal yn Stiens

© Omrop Fryslân
Dit wykein wiene yn sportkompleks It Gryn yn Stiens de Junior Worldcup- wedstriden kuorbal. Nederlân ferlear sneintemiddei yn de finale fan België mei 8-10.
Nei de twadde dei (sneon) wiene sawol België as Taiwan sûnder puntferlies poule-winner. België fersloech Nederlân mei 10-8, Taiwan Ruslân mei 13-10. Dêrtroch spilen snein Nederlân en Taiwan tsjin inoar (it waard 11-5) en de Russen tsjin de Belgen (11-7).