Peaskewake yn Kollumersweach

28 mrt 2005 - 13:14

It wie sneontejûn drok yn de gereformearde tsjerke fan Kollumersweach by de earste yntertsjerklike peasketsjinst. De tsjinst wie kompleet mei fakkeloptocht en peaskefjoer. It fjoer stiet symboal foar ljocht en krêft. Dat heart by de opstandiging fan Jezus Christus.

De gemeenteleden fan de fjouwer tsjerken rûnen nei de tsjinst mei fakkels yn in grutte slinger troch it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)