Fernielings oan taksybuske

28 mrt 2005 - 12:38

In groep fan fiif manlju hat sneintemoarn betiid fernielings oanbrocht oan in taksybuske. De groep wie sneintemoarn om in oer as 05.00 ophelle fan De Kaden yn Drachten. De manlju woene nei Sumar.

Underweis fernielden se in stik rubber fan de doar. De sjauffeur woe doe dat se de taksy ferlitten. In pear manlju bedrigen doe de sjauffeur. De plysje hat de fiif manlju oanholden. Ek de mobilofoan fan de taksy wie fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)