Fiskers op 'e bon

© Omrop Fryslân
De plysje hat dit wykein by in kontrôle fiif fiskers in proses-ferbaal jûn. Dat barde yn Warkum. Dêr waarden yn totaal 59 fiskers kontrolearre. Fjouwer sportfiskers krigen in proses-ferbaal om't se net in fisk-akte hiene.
Ien fisker krige in bon fanwege bistekwelling. Hy hie in soad fisken yn in droege plastik tas dien, wêrtroch de bisten stikten. Foar ien fan de fiskers, in man fan De Like, wie it de 3e kear dit jier dat er in bon krige.