Oosterbaan ferlit FPS-bestjoer

© Omrop Fryslân
It lêste bestjoerslid fan it Frysk Hynstestamboek, Anke Oosterbaan, wol net yn it nije bestjoer. Dat sei sy freed yn it tv-programma Faktor Freed. Oosterbaan fynt dat it tiid wurdt dat der in nij en ûnôfhinklik bestjoer komt.
Oosterbaan hat har nocht fan de affêre tusken har en âld-foarsitter Van der Meulen. Oosterbaan makke freed har ekskuses, omdat sy sein hie dat Van der Meulen in oar bestjoerslid bedrige hie.