Sjitpartij yn Harns

© Omrop Fryslân
In ûnbekende man hat yn de nacht nei sneon yn Harns op twa jonges sketten. Dat barde by in hoarekasaak yn de Foarstrjitte. De fertochte soe spul krigen ha mei de jonges fan 18 en 19 jier út Harns.
Op strjitte begûn de man te sjitten. Dêrnei naaide er út. De plysje hat noch nei de man socht, mar koe him net mear fine. De plysje tinkt dat de fertochte mei in gaspistoal sketten hat. De Harnzers kamen mei de skrik frij.