Platekontrakt foar Mink

26 mrt 2005 - 15:27

De Fryske rockband Mink fan De Lemmer hat in platekontrakt tekene by it label fan Willem van Kooten, ek wol bekend as Joost den Draayer. Yn earste ynstânsje komt der in single út, mar mooglik wurdt dit útwreide nei trije oant fjouwer albums.

Willem van Kooten is ûnder de yndruk fan 'e Lemster sjongeres Minke Adema, de sjongeres fan Mink. It is hjoeddedei opmerklik dat in relatyf ûnbekende band sa'n kontrakt krijt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)