Gjin aksje lulke aaisikers

26 mrt 2005 - 12:50

De rjochtsaak fan Faunabescherming tsjin de provinsje Fryslân luts freed gjin lulke aaisikers. Faunabescherming besocht by de rjochter de tastimming fan de provinsje foar it ôfsjitten fan foksen fan tafel te krijen.

Der wiene geroften dat aaisikers by de rjochtbank aksje fiere soene tsjin Faunabescherming. Op fersyk fan dy organisaasje bepaalde de rjochter earder dat der gjin ljipaaien mear meinaam wurde meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)