Skilderij Mankes weromfûn

© Omrop Fryslân
It skilderij 'Witte Haan' fan de Fryske skilder Jan Mankes komt nei tachtich jier werom nei Nederlân. It Frisia Museum yn Spanbroek hat it op in feiling yn Londen kocht foar 110.000 euro.
It skilderij wie yn 1923 te sjen op in útstalling fan Mankes, mar ferdwûn doe yn in partikuliere Ingelske kolleksje. It Frisia Museum ûntduts it op de feiling. De 'Witte Haan' wurdt restaureard en is dizze simmer te sjen.