Cambuur ferliest fan Telstar
Cambuur hat foar de tredde kear dit seizoen ferlern fan Stormvogels/Telstar. Diskear waard it yn it eigen stadion 2-4. Stormvogels/Telstar stie samar mei 0-2 foar troch doelpunten fan Kantelberg.
Akachar soarge foar 1-2 en Zimmerman foar 2-2. Dêrnei joch Cambuur yn de twadde helte de wedstriid út hannen en skoarden Slory en Lettinga. Foar Cambuur betsjutte dat in doffe dreun.
Trefwurden:
argyf