Oanklacht tsjin Huntelaar

© Omrop Fryslân
Tsjin SC Heerenveen-spiler Klaas-Jan Huntelaar is in oanklacht yntsjinne fanwege mishanneling. Huntelaar wie twa wiken lyn mei ploechgenoat Sikora belutsen by in fjochtpartij yn Meppel.
De twa wiene yn in shoarmasaak lestich fallen troch in pear klanten. Bûtendoar waarden se opnij oanfallen. Huntelaar hat doe fan him ôfslein. It slachtoffer hat in klacht yntsjinne. Neffens SC Heerenveen hat Huntelaar gjin skuld, omdat er him allinne ferdigene hat.