Faunabeskerming krijt kûgelbrief

© Omrop Fryslân
Wurdfierder Harm Niesen fan de Faunabeskerming hat in kûgelbrief krigen. Niesen tinkt dat it brief mei dêrby twa kûgels ferstjoerd is troch in lulke aaisiker. Hy sil oanjefte dwaan by de plysje. Neffens Niesen jout de provinsje it ferkearde foarbyld, om't dy de aaisikers by harren yllegale aksjes moreel stipet.
'Mei de kûgelbrief hat de striid tusken de aaisikers en de Faunabeskerming in djiptepunt berikt', seit Niesen.