Op 'e nij ûngelok op Wâldwei

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de Wâldwei is tongersdei ien persoan ferwûne rekke. De oanriding wie by de Langdielbrêge. Der wiene fiif auto's by belutsen.
Earder dizze wike wie der ek al in slim ûngelok op de Wâldwei. It slachtoffer tocht dat er op in fjouwerbaansdyk ried en dat er dus fertroud ynhelje koe. Hy waard frontaal oanriden troch in frachtwein. Tongersdeitemoarn binne der buorden delset, dêr't op stiet dat ynheljen ferbean is.