Soad animo jildaksje asylopfang

© Omrop Fryslân
It giet goed mei de jildynsammelaksje foar de asylsikersopfang yn Wytmarsum. Wethâlder Helder fan Wûnseradiel en it sintrum Tûmba hawwe yntusken 33 min of mear bekende Friezen fûn dy't meiwurkje wolle. Dy benaderje op har beurt elk tsien minsken, dy't de kommende twa jier alle moannen 25 euro jaan wolle.
Mei it jild moat de opfang foar útprosedearde asylsikers yn Wytmarsum iepenhâlden wurde.